Meer dan 6,1 miljoen beoordelingen en recensies Organiseer de boeken die je wilt lezen of gelezen hebt Het laatste boekennieuws Word gratis lid
×
Lezersrecensie

De Brand

Boekenpearls76 03 januari 2025
Resinsje fan:
De Brand
It libbensferhaal
Skriuwer:
Edward Jorna
Edward Jorna (Wytgaard, 1969) wurket sûnt 1990 yn de Fryske sportsjoernalistyk. Earder skreau er it boek Bravo Heerenveen.
Metoade fan lêzen:
Resinsje eksimplear ûntfongen fan de skriuwer Edward Jorna
Útjouwer:
Edward Jorna en De Vrije Stijl
Sjenre: libbensferhaal fan Johannes Gerrit Brandsma
23 oktober 1957 – 31 maart 2023
Cover en tekst op de efterside:
In laitsjende “De Brand” oftewol topkeatser Johannes Brandsma op de cover. Earne op de Fryske keatsfjilden.
In yndrukwekjende en nijsgjirrich meitsjende tekst op de efterside.
Sitaat:
Boarne: www.edwardjorna.nl
“De measte clowns binne depressyf"
Boarne: www.knkb.nl
ik as oanjouwer en Jehannes de show
Op 12 novimber 2021 binne wy foar it earst by elkoar kaam. Ik hie doe al in map oanlein mei allegearre ûnderwerpen. It wie in soarte fan spin mei allegearre triedsjes dy’t de ferskillende ûnderwerpen mei elkoar ferbûn. De twadde ‘sessie’ wie mei de beide bruorren Lieuwe en Pieter derby. De tredde kear ha wy in dei nei Seisbierrum west, it paad lâns wêr’t hy opgroeid is. De Seedyk wêr’t de Brandsma’s earst wennen, op it hôf by heit en mem, de legere skoalle, de tsjerke, de plakken dêr’t er wenne hat, alles kaam doe foarby. Dat hat tige wichtich west en in soad ynformaasje oplevere.’’

De data die aan deze bijeenkomsten hingen waren 12, 18 en 25 november 2021. En natuurlijk rondom 23 en 24 juli 2022 de reis naar België. ,,Doe ha ik wol in moai byld krigen fan it keatsen dêr yn Braine en fansels it grutte toernoai op de Grote Markt yn Brussel. Wy bleaunen low budget op ien keamer yn in Van der Valk-hotel yn Nijvel sliepen. Doe ha ik him goed kennen leard, in aardige man mei kwinkslaggen en hiel foarkommend. Jehannes rûn altiten as er by it keatsen wie, mar yn Brussel wie it doe sa waarm dat wy de hiele dei yn it skaad sitten ha.’’

Brandsma zorgde ervoor, volgens Jorna, dat men hem niet gauw zou vergeten als hij langs was geweest. Dat betekent niet dat hij achter alle optredens uit het verleden staat. Hij schaamde zich voor het optreden voor televisie in de jaren tachtig toen verschillende bekende sporters in AVRO’s Superstars de strijd met elkaar aangingen. ,,Hy sei ‘Se tochten mei in stugge Fries te meitsjen te ha, mar se krigen in doarpsidioat’.’’

,,Ik hie gjin byld fan him doe’t ik oan it boek begûn.’’ Misschien is wat dat betreft het interview uit 2019 aan het einde van het kaatsseizoen veelzeggend. Jorna maakte in Pingjum een afspraak voor een interview zonder een idee te hebben waar het over moest gaan. ,,Jehannes fertelde doe samar út himsels oer de depresje dêr’t er mei te krijen hân hie. Hy woe it kwyt.’’
Boarne: www.frieschdagblad.nl
Yn april 2024 ferskynt it Frysktalige libbensferhaal fan Johannes Brandsma: ‘By myn berte seine heit en mem: wy kinne wol ophâlde, better krije wy net’
Edward Jorna • 1 april 2023
It ferhaal:
Boarne: www.websjopafuk.frl:
It libbensferhaal fan topkeatser Johannes Brandsma.
Atletysk, flamboyant, útsprutsen, Bourgondiër, minskeminske. Mar krekt sa goed ûnwis, einzelgänger en kwetsber. Johannes Brandsma, ferneamd as De Brand, is it allegear.
‘It is net altiten leuk om Johannes Brandsma te wêzen’, seit er sels. Mar as keatser hat der noait in betterenien west. It ûnbidige oantal fan 98 punten dat er yn 1982 byinoar keatst sil nea oertroffen wurde. Trije jier letter wurdt er as earste Fries ea prof yn België. En ek dêr is hy in attraksje.
Nei de skieding fan syn frou Janny yn 2013 bedarret De Brand yn de lytse loege. Hy sjocht it libben net mear sitten. As er dan lang om let it masker sakje lit, begjint de sinne wer te skinen. Mar dan slacht it needlot ta: hy rekket slim siik. Op freed 31 maart 2023 ferstjert er, 65 jier pas.
Yn de fjirtjin moanne dêrfoar die er syn bysûndere libbensferhaal út de doeken. As neilittenskip oan de minsken dy’t er leaf hie en de sport dy’t him sa rekke.
Myn lêsûnderfining:
De wiize wêr’t skriuwer Edward Jorna de topkeatser Johannes Brandsma beskreaun hawt fûn ik, om yn keatstermen te bliuwen, in wiere boppeslach. It ferhaal krige foar my in djip emoasjonele lading doe at Johannes Brandsma moarns fûn waard, ferstoarn. It begrutte my, it die my sear dat er hielendal alinne de brêge nei de ivichheid oerstutsen wie. It wie as stie ik by de bank wêr’t Johannes fanôf fallen wie. Sa byldzjend, sa fol emoasje en gefoel. Dit libbensferhaal lit de minsk efter de topkeatser Johannes Brandsma oan my sjen. It libben fan Johannes Brandsma dêr wêr at syn widze stong oant de dei dat hy dizze ierde efter him liet. De minsken dy at Jehannes leaf hie, syn keatsmaten, syn prof perioade yn Belgïe en it masker dat Johannes faaks op hie om mar net syn wiere gefoelens toane te hoechen. De skriuw foalgoarder is unyk te neamen. Net alles chronologysk mar de famylje skiednis fan Johannes ôfwiksele mei de keats wedstriiden dy at hy spyle. Dat lêsde noflik en it bleau my oansprekken. Dêrom lies ik dit boek graach.
En at it oer it keatsen gie dan fielde it alle kearen wer dat ik of yn it publyk stie of by it perk. Ik fielde de wedstriid spanning, de passie foar it spultsje; ik koe sels it profyl fan de keatswant fiele, de geur dêrfan rûke, myn eagen dy at de keatsbal folgen oer it fjild. Oeral analytisk, skerp each foar detail. Ik soe it net frjemd fine at dit boek nochris ferfilme wurde soe. De foto’s litte dit ferhaal noch mear libje, jowe de skreaune wurden noch mear gefoel en djipgong mei.
Sels waard ik grutbrocht yn it Freule doarp Wommels. Alle jierren dêr hinne mei myn heit, mem en suske. En ek in protte famylje dy at dêr wiene. Guon dy at ek mei spilen yn in partoer. Gjin top partoeren mar dochs fielde ik de magie fan it keatsen alle jierren wer. Myn suske spile jierrenlang mei yn it muzykkorps. Myn heit siet yn de keatsferiening, de aubade by de it byld fan de Freule. En alle jierren dat myn âlders nei de PC giene. En dêr deselde klup famylje wer seach. Myn heit dy at Johannes en syn famylje persoanlik koe en syn keats ferrjochtings folge en bewûndere.
Dit boek is djipgeand, emosjoniel, gefoelich mar ek jowt it my in unyk, detaillearre, bjusterbaarlik moaie ynsjoch yn de keatssport en de jeu de pilote. Nimt it my mei yn de fassinaasje oer de keatssport, de talinten fan de keatsers, it keatsspul sels en alles dêrom hinne. Johannes Brandsma ien fan de keningen fan de keatsfjilden. Lykas Geert van Tuinen dy at fertelde dat Johannes Brandsma it keatsen ta yn de fingertoppen behearske lykas hy dat talint ek hie by it jeu de pilote. Dit ferhaal lit je laitsje, gûle, rakke my yn it hert fan myn gefoel.
Humoristysk, werkenber en oprjocht skreaun. Oer dat lytse jonkje dat fan de wrâld om him hinne noch gjin doel hie, dy it keatsen learde en in grut talint blykte te wêzen, dy at it publyk betofere mei syn keatsspul as jonkje en letter as jong folwoeksene. In man mei clowneske oerienkomsten, drok dwaan at it gefoel te tichtby kaam mar dy at it hert op it goede plak hie. Leaf en belutsen by syn famylje, freonen en bêrn en bêrnsbêrn.
Myn miening:
5 stjerren.
In wiidweidich neislachwurk oer de topkeatser Johannes Brandsma. In atletyske, flamboyante, útsprutsen mar ek minskeminsk dy at ek únwis en kwetsber wêze koe. In ferhaal dat oprjocht en mei passie skreaun is. Dy at my Johannes Brandsma yn al syn rollen toande: topkeatser, minsk, man fan, heit, pake, soan fan, broer fan, freon en famylje fan. In boek mei prachtige foto’s dy at je reitsje en fermeitsje.
It besjen fan de webside fan Edward Jorna is de muoite wurdich: www.edwardjorna.nl
Tige tank dat ik dyn boek lêse mocht Edward Jorna. Ik haw it oan myn heit jown sa dat ek hy mei in protte niget oer syn kunde en de keatser Johannes Brandsma lêse kin.

Reageer op deze recensie

Meer recensies van Boekenpearls76